Nieuwjaarstoespraak commissaris van de Koning drs. A.A.M. Brok

17-01-2023 LEEUWARDEN – Afgelopen vrijdag hield commissaris van de Koning drs. A.A.M. Brok de nieuwjaarstoespraak op het provinciehuis. Hieronder vind u de gehouden toespraak:

Oer de drompel fan 2023 by de start fan it nije jier… it binne spannende tiden, miskyn wol mear as oars. Mar ik hoopje dat wy hoopfol begûn binne mei dit jier… Ik wol jim meinimme yn twa fan my moaie mominten fan 2022. 

Myn earste momint wie in moeting mei flechtlingen út Oekraïne. In pensjonearre echtpear dat alles efterlitte moast omdat de Russyske kanonnen te tichtby kamen. Viktor en Natalia fûnen in feilich thús by leave, romhertige ynwenners fan Mûnein.  Kontakt mei famylje yn Oekraïne wie der allinnich at de telefoanlinen it efkes diene. Dat wie net faak…

De bûtengewoane fearkrêft en tankberens dy’t sy útstrielden yn dizze tige ferûntrêstende en ûnwisse tiid sil my altyd bybliuwe. Libje ûnder it totalitêre regime fan Moskou wie harren grutte eangst.   

Bêste minsken, alles is relatyf en it seit dat wy it hjir yn ús lân dochs goed hawwe en dat wy dat op wearde skatte moatte. Wy ha frijheid fan mieningsutering, wy ha frijheid fan demonstraasje, wy ha frije parse, wy ha earlike ferkiezings. Wy binne in rjochtsteat. In lân dêr’t it rjocht fan de sterkste net jildt en dyjinge mei de grutste mûle net foar master opslacht.       

It twadde momint wie yn july. In jonkje fan sân fan Easterwierrum kaam mei syn heit op’e trekker nei it provinsjehûs en brocht dizze brief by de balie…

Goeie Brok, Ik bin Jimte Schoustra. 7 jier út Easterwierrum. Tinke jo dat ik noch BOER wurde kin? Graach lit ik jo ús pleats ris sjen. Groetnis, Jimte

Ik seach de ambysje en passy fan it mantsje en syn dream foar de takomst. Syn âlders fertelden my dat hy net sliepe koe omdat hy tocht dat hy gjin boer mear wurde koe…

Wy libje yn dynamyske tiden mei in lânboutransysje, in enerzjytransysje en in klimaattransysje.Ek de kommende perioade sil der wichtige keuzes makke wurde moatte at it giet om stikstof, feangreide en bioferskaat, mar ek oangeande oare wichtige tema’s sa as de Lelyline, wenningbou en Fryske taal en kultuer. 

It belang fan it middenbestjoer nimt ta en de provinsje Fryslân kin it ferskil meitsje. Oer it generaal kin steld wurde dat Friezen harren ferbûn fiele by de omjouwing en belutsen fiele by gemeente, wetterskip en provinsje. Dat fertaalt him ek yn de animo om te stimmen.

Fjouwer jier ferlyn lei it opkomstpersintaazje fan de steateferkiezings yn Fryslân op 59%. Dat is 3% heger as it lanlik gemiddelde. Ik hoopje dat we dit jier oer de 60% komme… moat kinne! Ik wol de jongerein dy’t foar it earst stimme, de first-voters, by dizze oproppe om te stimmen. It giet úteinlik om harren takomst.

Mar boppenal: jou foech oan ús parlemint, jou foech oan de minsken dy’t jimme fertsjinwurdigje wolle yn de Steaten.

Us Kening hat yn syn krysttaspraak omtinken jûn oan de relaasje Rânestêd – Plattelân. Fansels libje der sentiminten en dêr moatte wy each foar hawwe.

Mar it sjit fan beide kanten net op at wy dêryn hingjen bliuwe. Nederlân is mar in postsegeltsje; fanút de romte besjoen rinne stêd en plattelân naadleas yn inoar oer.

Fryslân moat útgean fan eigen krêft en kwaliteiten. Wy ha wat te bieden, dêr hoege wy net beskieden oer te dwaan. Wy hawwe de sterkste ekonomy fan Noard-Nederlân… Wy hawwe heechweardige ynnovative lânbou, bêste kennisynstellings, moaie natuer, skjinne loft en wenromte…   

Jou ús romte! Romte en foech om sels ús takomst yn te kleuren. It foech ticht by de minsken, ticht by de mienskip. Benammen ek by de transysje fan de lânbou.

Boppenal yn it generaal: litte wy inoar net gek meitsje. Wy hawwe inoar nedich. Op Fryske skaal is dat krekt sa. De alve stêden kinnen net sûnder de 400 doarpen, en oarsom. Ekonomysk en maatskiplik binne sy oan inoar ferbûn. Yn it ljocht fan de mondiale krisis binne Nederlân en Fryslân te lyts foar bargebiten.

Bêste minsken, Fryslân is ea keazen ta de moaiste provinsje fan Nederlân, mei in unyk natoergebied, it UNESCO wrâlderfguod it Waadgebiet.2023 wurdt it jier fan it Waadgebiet wat my oanbelanget!

Dit unike stikje getijdegebiet krijt hieltiid mear omtinken. Mar litte wy wol de minsken dy’t der wenje en in takomst opbouwe wolle romte jaan. Bewenners fan de eilannen en de kustgemeenten binne gjin eksoaten yn in reservaat.

Ta einbeslút… 2022 wie in betsjuttinjgsfol jier weryn’t wy ek minsken loslitten moatten ha. Waarman Piet Paulusma, skilder Jentsje Popma, taalstrider Bertus Jans Postma, Baukje Wytsma. Allegear op eigen wize hiene hja Fryslân yn it hert en passy foar ús provinsje. Litte wy tankber wêze wat sy foar Fryslân dien hawwe.

Mar wit ek dat der nije Pieten, Jentsjes, Baukjes en Bertussen komme sille. Der sille altyd wer nije minsken komme mei hert en passy foar Fryslân.

En Jimte is der ien fan!

Ut namme fan it provinsjebestjoer winskje ik jo lok en seine foar 2023!

Tsjoch!  

Geef een reactie