26-04-2025 BALK – Op tiisdei 8 april is de Steateseal fan it Provinsjehûs wer de arena dêr’t it Grut Frysk Diktee holden wurdt. Fyftich minsken sille harren dan bûge oer drege wurden en útsûnderingen yn de stavering. De dikteetekst wurdt dit jier skreaun troch Alvestêdefoarsitter Wiebe Wieling.
De ôfswaaiend foarsitter fan de Koninlijke Vereniging De Friesche Elfsteden fynt it in eare dat hy frege is om it Grut Frysk Diktee te skriuwen. In ûnderwerp kieze wie net dreech foar Wiebe Wieling: “Yn 1997 wie de lêste Alvestêdetocht. Hast tritich jier lyn. Wat is der feroare? Kin it noch wol? Dêr sille we it oer hawwe.”
Fan bekende Friezen oant dweilorkest
Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren op persoanlike titel kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams fan seis persoanen ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier besteane út Bekende Friezen, eksamenkandidaten Frysk, natuerminsken, feilichheidsminsken en in dweilorkest.
Ek meidwaan
Minsken dy’t op 8 april graach meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar kwalifisearje. Fan 24 febrewaris oant 24 maart kin elkenien online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl. Ut de bêste dielnimmers wurde tweintich kandidaten selektearre en útnûge om mei te dwaan oan de grutte finale yn de deftige Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. De winner giet dy jûns nei hûs ta mei it fûl begearde Gouden Dakje.
It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 9 april om 19.30 oere útstjoerd troch Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.
Oer it Grut Frysk Diktee
Afûk, Taalsintrum Frysk (Cedin), Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân organisearje alle jierren yn de maitiid it Grut Frysk Diktee. De tekst wurdt altyd skreaun troch in bekende Fries. Foar eardere edysjes hawwe bygelyks waarman Gerrit Hiemstra, politikus Habtamu de Hoop, sjongeres Iris Kroes en sjoernalist Welmoed Sijtsma ek al ris in dikteetekst skreaun.